De feriening


Wolkom op de website van Toaniel Feriening Pro Rege Holwert


toaniel

Earst kommende foarstelling


Datum : 0 Tijd :
Mear Spyldatums

Lęste Deiboek stikje

Repetysje - Ja sa in man bin ik
Datum : 6 desimber 2011

Foar it earst it hiele stik in kear spiele. Sawol kwa spyljen as tekst hekke it hjir en dęr noch wat. Ek kwa lűd en ljocht komme der no saken foar it ljocht wer at ik no noch wat oan byskave kin. Oankommende moandei sil we sęnes spylje. At Simon komt dan kin we dan noch in oantal trochlopen dwaan. De trochlopen stean sawiesa oankommende tiisdei op it programma. Normaal sprutsen repetearje we net mear yn desimber mar troch sykte en oare saken, gean we dizze moanne troch mei de repetysjes. Dit om foar ús optreden fan 6 jannewaris klear te węzen. Miskien nije wike wer in deiboek stikje. Groetnis Jan-Paul
Mear Deiboeken

Lęste Media berjocht

Útfiering Holwert
Datum : 7 jannewaris 2011

media Sjoch krantebestân
Mear Media


Skiednis

Toanielferiening Pro Rege is űntstien yn 1933, út de resitearclubs fan eartiids. Krekt foar de twadde wrâldoarloch fierden hja foar it earst in stik op dat de namme Pro Rege hie. Nei de oarloch hawwe se dat stik op é nij opfierd. Oan dat stik hat de toanielferiening har namme űntliend. Pro Rege betsjut “foar de Kening”.

De earste jierren nei de oarloch spilen hja histoaryske stikken. Dy waarden opfierd yn de grifformearde tsjerke, foar de preekstoel. De stikken moasten de goedkarring hawwe fan de tsjerkerie. Letter giene hja oer ta it spyljen fan foaral blijspullen.

toaniel

Yn it seizoen 1993-1994 bestie Pro Rege 60 jier. Doe is der in reuny west foar alle âld-spylers

toaniel
Yn it seizoen 1994-1995 hie Pro rege in hiel goed jier. Der wiene dat jier 23 optredens. Ek giene hja hieltyd faker bűten Fryslân te spyljen foar fryske krite . Der kaam ek in feroaring yn de fęste ploech spylers. In stikmannich Holwerters swaaiden ôf as jubilaris nei 40, 25en 20 jier spyljen. Mar ek no binne der alwer betűfte spylers dy’t net fan ophâlden witte .

toaniel
Op de foto stean de spylers fan it stik: Pro Rege Boppeste rige fan lofts nei rjochts: Gerrit Germeraad, Anna Barwegen, Jeltje Oegema, Jan Kooistra, P. v.d. Ploeg, A. v.d. Weg, A. v.d. Meulen Underste rige fan lofts nei rjochts: Gosse Germeraad, R. Jousma, Joh. Dijk, Jaap Oegema, Anneke Terpstra, Jan Bosgra, J. Oegema.

Ja, sa’n man bin ik

It nije toanielstik fan Toanielferiening Pro Rege út Holwert.